EK kuorbal yn Ljouwert kin los

Boargemaster Crone die de offisjele iepening
Yn Ljouwert spilet Nederlân freed de earste wedstryd fan it Europeeks Kampioenskip kuorbaljen. Nederlân organisearret dit jier it kampioenskip en yn de Fryske haadstêd spylje Dútslân, Hongarije, Servië en ús eigen lân. Yn it stedhûs fan Ljouwert stelden tongersdeitejûn alle lannen har teams foar.
Boargemaster Ferd Crone die de iepening. Alle wedstriden yn Ljouwert binne al útferkocht.