Gjin jild foar oankeap grûn

Der komt minder jild foar de oankeap fan grûn fan it ryk
De provinsje Fryslân krijt minder jild fan it ryk foar de oankeap fan grûn. It giet dan bygelyks om grûn dy't de provinsje nedich hat om natuergebieten mei elkoar te ferbinen, mar ek om grûn om nij oan te lizzen diken hinne, lykas de Sintrale As, de Heak om Ljouwert en de N381 by Donkerbroek.
Yn in brief skriuwt steatssiktaris Henk Bleker dat de provinsje foarearst net hoecht te rekkenjen op ryksjild foar dizze oankeapen. De provinsje hat al beswier makke tsjin de besunigings.