Galema: Harns lit kâns lizze

Deputearre Sjoerd Galema
De provinsje Fryslân fynt dat Harns in grutte kâns lizze lit. Dat seit deputearre Sjoerd Galema no't de gemeenteried woansdei mei in krappe mearderheid nee sei tsjin de Tall Ships' Race, ûnderdiel fan Sail 2014.
It is in geweldige kâns om Harns en sels Fryslân op de kaart te setten, seit Galema. En hy begrypt net dat de gemeente earst stipe socht by de provinsje en dat no de nije gemeenteried it ôfwitte lit.