Vd Heide twivelet oer takomst

21 okt 2010 - 15:41

Cambuurspiler Sandor van der Heide twivelet oer syn takomst by Cambuur troch in mieningsferskil mei trainer Stanley Menzo. Van der Heide is de lêste wiken wer fit, mar Menzo stelt Van der Heide net op.

Wat it mieningsferskil tusken Van der Heide en Menzo no krekt ynhâldt, wolle beide partijen net sizze. Kommende freed begjint Van der Heide yn de útwedstriid tsjin Helmond Sport ek net yn de basis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)