Sven Kramer 'net fit genôch'

21 okt 2010 - 15:35

Reedrider Sven Kramer docht it yn it begjin fan it nije seizoen rêstich oan. Sven Kramer is net fit genôch om mei te dwaan oan it NK ôfstannen en de oankommende wrâldbekerwedstriden.

Dat makke de reedrider út Aldskoat tongersdei bekend op in parsekonferinsje. Kramer joech dy parsekonferinsje yn it haadkantoar fan sponsor TVM yn Hoogeveen. Kramer rjochtet him no op it NK allround yn desimber. De Olympyske Spelen fan 2014 binne syn belangrykste doel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)