Ungelok op A7 by Drachten
In automobiliste is tongersdeitemiddei ferwûne rekke by in iensidich ûngelok op de A7 by Drachten.
De frou is troch noch ûnbekende oarsaak mei har Mini Cooper tsjin in beam botst. De frou is ferwune rekke oan har holle. De helptsjinsten ha ien rydstrook ôfsletten.