Brommer botst op trekker
In 16-jierrige brommerrider út it Oeriselske Paaslo is tongersdei ferwûne rekke by in oanriding yn Wolvegea. De jonge hat nei alle gedachten in bocht te rûm naam wêrtroch in trekkerrider him net mear ûntwike koe.
It slachtoffer rekke ferwûne oan in skonk en is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.