Telegraaf: fleanbasis ticht

It iepeningsartikel yn de Telegraaf fan tongersdei
De fleanbasis Ljouwert wurdt mooglik sletten. Dat meldt De Telegraaf fan tongersdei. De krante meldt dat op basis fan ynterne definsje-rapporten. Deryn wurdt sprutsen fan 'ekonomyske gefolgen foar Noard-Nederlân'. It nije regear wol goed 625 miljoen besunigje op definsje. Foar de loftmacht soe dat betsjutte dat nei de basis Twente op 'e nij in fleanbasis ticht moat.
De fakbûnen tinke dat it Nederlânske leger troch de besunigings net mear meidwaan kin oan bûtenlânske missys.