Nij festival op It Amelân

It Amelân krijt in nij festival oer duorsumheid: Island Creative Quarantine. It moat in ynternasjonaal, ynteraktyf moetingsplak wurde foar studinten, dosinten, wittenskippers en keunstners. It festival wurdt organisearre troch de Minerva-akademy foar popkultuer yn gearwurking mei universiteiten yn Letlân, Hongarije en Finlân.
Dielnimmers kinne meidwaan oan workshops oer duorsumheid. Betochte projekten wurde presintearre.