Oplaadpunten yn gebrûk naam

© Omrop Fryslân
Yn it elektrysk farren leit in takomst foar Fryslân. Dat sei deputearre Jannewietske de Vries woansdei by it yn gebrûk nimmen fan acht krêftstroom laadpunten yn Snits. Dêrmei hat de stêd de primeur yn Noardwest-Europa. De laadpunten binne spesjaal foar grutte krusers mei elektromotoaren.
De acht binne in begjin, want oer twa jier kinne skippers fan mear as 200 laadpunten yn de provinsje gebrûk meitsje.