Jannick de Jong net straft

(foto: Martin de Jong)
Gersbaanracer Jannick de Jong krijt gjin straf. Der wiene spoaren fan kannabis yn syn lichem fûn. De Jong waard op yn maaie posityf test. De Jong seit dat er sels gjin drugs brûkt hat, mar wol by minsken yn de buert wie dy't smookten. De tuchtkommisje leaut syn ferhaal. Boppedat waard de Gordykster noait earder betrape op it brûken fan doping.
De gersbaanracer hat wol in warskôging krigen. As er wer posityf test wurdt, wurdt er twa jier skorst.