Fernuvering oer kosten brêgen

De provinsje reservearret de kommende jierren jierliks 8 miljoen euro foar ynfrastruktuer. It jild is bedoeld foar it ferfangen fan 250 brêgen, fiadukten en rotondes. Guon partijen binne skrokken fan dit nijs. Se binne yn 't foar net ynformearre oer de kosten. Douwe Bylsma (FNP) stelde de saak woansdei yn de steatekommisje oer de begrutting oan de oarder.
Deputearre Adema is him fan gjin kwea bewust. Neffens him wie it bekend en is der earder ek al oer praat.