Nasjonale donorwike, ek yn MCL
It is dizze wike nasjonale donorwike. Der is yn Nederlân noch hieltyd in grut tekoart oan orgaandonoaren. Dat komt mei om't de famylje fan minsken dy't ferstoarn binne faak gjin tastimming jout foar transplantaasje.
Ek it MCL yn Ljouwert docht mei oan de nasjonale donorwike. Meiwurkers fan it sikehûs jouwe pasjinten en besikers ynformaasje oer it donorregister.