Mear stikelbaargen nei opfang

De Fûgelhelling by Oerterp hat it drokker as oars mei stikelbargen. De ynbrochte bisten binne swakker en lichter as oars. Guon weagje net mear as 200 gram. Der wurde ek folwoeksen wyfkes brocht dy't der min oan ta binne. Ek yn oare parten fan it lân wurde folle mear stikelbargen fûn.
It is net dúdlik wêrom't se der sa min oan ta binne. Guon binne siik, mar it kin ek in firus wêze. Der is in lytse kâns dat de bisten foar de winter loslitten wurde kinne.