Havendagen Harns mooglik oer

20 okt 2010 - 12:10

De Fryske Havendagen fan 2012 en 2016 yn Harns geane mooglik oer. Alteast as de gemeenteried woansdei ynstimt mei it binnenheljen fan de Tall Ships' Races yn 2014.

It jierlikse evenemint mei skippen fan oer de hiele wrâld hat Harns frege as startplak. Neffens de organisaasje is it net mear ferantwurde om de havendagen te hâlden. De kosten fan de Tallship Races wurde rûsd op 1,5 miljoen. Provinsje en gemeente lizze 4 ton yn, de rest moat fan sponsors komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)