VNO-NCW: mear sakefroulju
VNO-NCW Noard wol mear sakefroulju yn Fryslân. Ek moat it imago fan it froulik ûndernimmerskip better wurde. Dat wol de wurkjouwersorganisaasje berikke troch gear te wurkjen mei Advitmo. Dat is in profesjoneel netwurk foar froulju. De organisaasjes wolle har netwurken by elkoar bringe.
VNO-NCW Noard hat sa'n 1300 leden. Hast 300 dêrfan binne froulju. Dat moatte der folle mear wurde.