Boerd monumint Warkum fernield

It ynformaasjeboerd by it monumint yn de Thomashof yn Warkum is fernield. Op it boerd steane de nammen fan de bern dy't meiwurke ha oan it monumint. Fan it wykein is it ombûgd. De gemeente hat oanjefte dien fan fernieling.
Neffens loko-boargemaster Eiling ha de minsken dy't it boerd fernield ha gjin idee fan de betsjutting fan de bylden. Foar neibesteanden fan minsken dy't yn de oarloch omkaam binne, ha de bylden grutte betsjutting. De gemeente ropt tsjûgen op har te melden by de plysje.