Nije natuergids fan Fryske Gea

Der is in nije natuergids fan It Fryske Gea. De gids is woansdei oanbean oan deputearre Konst. It boek is makke fanwegen it 80-jierich bestean fan de natuerorganisaasje.
De natuergebieten wurde beskreaun, mar de klam leit yn dizze útjefte mear op algemiene ynformaasje en minder op hokker planten en bisten der krekt foarkomme. Der steane trije nije lytse gebieten yn. De gids is fergees foar de leden, mar net yn de winkel te keap.