Himpkwekerij yn Grou

20 okt 2010 - 10:08

De plysje hat tiisdei by tafal in hennepkwekerij yn Grou ûntdutsen. De plysje kaam by in hûs oan de Mr. Pieter Jelles Troelstrawei, om't de bewenner noch boetes iepenstean hie. Doe't de man net iepen die, gie de plysje nei binnen en ûntduts in luchtôffier yn it plafond. Op souder wie in kwekerij mei 70 planten.

De bewenner (45) fan it hûs is oanhâlden. In húsgenoat koe net pakt wurde. Hy sprong fan de earste ferdjipping nei ûnderen en naaide út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)