Rinne mei bernewein foar Kika

Yn fjouwer dagen tiid mei in bernewein rinne fan Amsterdam nei Appelskea en dat allegear foar it goeie doel. David en Daniël Eizinga út Appelskea wolle op dizze wize jild bymekoar rinne foar Kika, kinderen kankervrij.
Op tongersdeitemoarn om 8 oere binne se úteinset op de Dam yn Amsterdam. It duo rint it hiele ein mei in spesjaal foar har makke bernewein. Oant no ta ha se al 7500 euro ophelle oan sponsorjild.