De Jong wol betelle fuotbal yn

19 okt 2010 - 23:31

Fuotbaltrainer Henk de Jong wol folgjend jier nei it betelle fuotbal. Dat sei hy neidat hy bekendmakke hat oan de ein fan dit seizoen op te hâlden by topklasser Harkemase Boys.

Oan de begjin fan dit seizoen waard De Jong noch benadere troch Emmen, mar neffens De Jong is Emmen gjin opsje mear. De Jong seit dat der noch neat konkreet is, mar dat hy goeie hoop hat op in klup út it betelle fuotbal. Earder waard De Jong al ris benadere troch Cambuur.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)