Thomaslieden net populêr

19 okt 2010 - 22:42

Aldhoarne is benaud dat der aanst te min jongeren binne dy't de tradysje fan it Sint Thomaslieden oernimme kinne. Yn de lêste 10 dagen fan it jier wurde de klokken yn it doarp kontinu let om boaze geasten fuort te jeien. It lieden fan de klokken is in tradysje dy't oerjûn wurdt fan âld op jong, mar hieltyd minder jongerein hat nocht om de klokken te lieden.

Dêrom komt de klokkekommisje mei in enkête om de miening fan de jeugd sels te hifkjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)