De Jong ferlit Harkemase Boys

19 okt 2010 - 19:32

Trener Henk de Jong fan de Harkemase Boys hâldt oan de ein fan dit seizoen op by de topklasser. Hy is ta oan in nije útdaging. Sûnt 2007 is De Jong trener by de Harkemase Boys.

Yn it earste seizoen waard hy mei it team kampioen en promovearre dêrtroch nei de haadklasse C. It jier derop waarden se ek yn dy klasse kampioen en waard de noardlike distriksbeker wûn. Nei it twadde plak fan it ôfrûne seizoen spilet Harkemase Boys no yn de topklasse.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)