Famke fan 10 jier oanrand

Tsjerke Bakkefean
In famke (10) út Bakkefean is op freed 8 oktober yn har wenplak oanrand. Se wie middeis om in oere as fiif oan it boartsjen by de Herfoarme Tsjerke. In man yn in reade auto woe witte wêr't de tsjerke wie. It famke rûn mei om him dy oan te wizen. De man lokke har dêrnei mei achter de tsjerke. Dêr die er ûntuchtige hannelings mei har. It famke rûn dêrnei hurd nei hûs ta.
De plysje siket de man dy't nei alle gedachten ek by de skoallen en de sporthal yn it doarp delriden is.