Rembrandtsearje yn Popta Slot

Yn it Poptaslot yn Marsum binne opnames foar in EO-televyzjesearje oer de skilder Rembrandt. De jonge Rembrandt wurdt spile troch akteur Dragan Bakema en de âlde troch Michiel Romeyn. De rezjy is yn hannen fan Marleen Gorris dy't alris in Oscar wûn foar de film Antonia.
De searje besjocht Rembrandt troch de eagen fan freonen, famylje en kollega's. 'Rembrandt en ik' komt yn jannewaris op 'e lanlike televyzje.