Unrêst troch mes op skoalle

19 okt 2010 - 11:44

Op it Drachtster Lyseum is moandeitemoarn yn in klûs fan in learling in flintermes fûn. It mes wie fan in 15-jierrige jonge dy't yn de tredde klasse fan it gymnasium sit.

De skoallelieding hat fuortendaliks de plysje belle. Dy hat de jonge op skoalle oanhâlden en meinaam nei it plysjeburo. De saak hat foar in protte ûnrêst op de skoalle soarge.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)