Tsjûgen ynbraken Gordyk socht

19 okt 2010 - 10:15

De plysje fan De Gordyk siket tsjûgen fan njoggen ynbraken. Dy wiene it ôfrûne wykein. Der waard ynbrutsen yn de kantines fan in fuotbalklup en in kuorbalklup, yn in skoalle, de kringloopwinkel en in tal bedriuwen.

De plysje freget minsken dy't wat sjoen hawwe of oars wat witte, om harren te melden.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)