Fernieler fuotbalfjild oppakt

19 okt 2010 - 09:53

Op It Amelân is in man oppakt dy't ferline wike mei syn auto de gersmatte fan in fuotbalfjild fernield hat. It giet om it fjild fan Amelandia yn Hollum.

De plysje kaam de fernieler op it spoar troch in tip fan in tsjûge. De man hat bekend en seit dat er de skea fergoedzje sil.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)