Froulju H'fean ferlieze fan AZ

© Omrop Fryslân
De froulju fan Sportklup Hearrenfean hawwe de kopposysje ferspile troch yn eigen hûs mei 1-0 te ferliezen fan AZ. It wie it earste ferlies foar de froulju dit seizoen. Krekt foar it skoft waard de iennige goal fan de wedstriid makke troch Chantal de Ridder.
Hearrenfean giet no tegearre mei ADO Den Haach en FC Twente oan de lieding. Se hawwe 10 punten út 5 wedstriden. Tongersdei moat de ploech fan trainer Rick Mulder op besite by FC Twente.