Automobilist komt om it libben

19 okt 2010 - 08:05

By in slimme oanriding op de N354 by Raerd is tiisdeitemoarn betiid in automobilist om it libben kaam. It giet om in 30-jierrige ynwenner fan Wurdum. Troch noch ûnbekende oarsaak botste er mei de auto op in frachtwein.

De N354 fan Snits nei Ljouwert wie nei it ûngelok yn beide rjochtings in skoft lang ôfsletten. De auto en de frachtwein moasten fuortsleept wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)