Byb B'sweach mooglik ticht

De bibleteek fan Beetstersweach moat slute as de gemeente Opsterlân 50.000 euro besuniget op de bibleteekfoarsjenning yn de gemeente. Dat sei direkteur Luit Postma fan de bibleteken Súdeast-Fryslân op in harksit oer de besunigings fan de gemeente.
It swimbad yn Nij Beets seit ek gjin besunigings brûke te kinne. Se hawwe sels ekstra jild nedich. As it sa trochgiet, moatte se slute. Op 1 novimber nimt de rie in beslút.