Heger berop fan tsjerkeried

Ek de Koepeltsjerke stiet op de list om fuort
De grutte tsjerkesluting yn Ljouwert moat wol trochgean. Dat fynt de tsjerkelieding fan de Protestanske Gemeente yn Ljouwert. In pear wike lyn die it Regionaal Kolleezje de útspraak dat de proseduere op 'e nij moast.
In soad tsjerkeleden binne der poer op tsjin dat takom jier fjouwer tsjerken yn Ljouwert ticht moatte. Dêr krigen se gelyk yn. De tsjerkeried tekent hjir in beropskrift tsjin yn. Begjin novimber moat it beropskrift yntsjinne wêze.