Klear foar dé tocht

It kin oangean
De froast is noch mar krekt yn it lân, of de Friesche Elf Steden hawwe alle fergunnings foar de tocht der tochten al binnen. Yn it ferline waard dat altyd dien as it waar derop begûn te lykjen. Mar om't der hieltyd dingen feroarje op it mêd fan feiligens is besletten om it dit jier yn ien kear en goed betiid te dwaan.
De oanfragen binne dien by alle njoggentjin gemeenten dêr't de tocht trochhinne giet.