FNP: Bestjoersrjocht net fuort

18 okt 2010 - 21:28

Der bliuwt neat fan Ljouwert as justysjestêd oer. Dat fynt de steatefraksje fan de FNP yn Fryslân. Moandei waard bekend dat de bestjoersrjochters yn 2012 fan Ljouwert nei Grins ferhúzje. Earder is al bekend wurden dat ek it Iepenbier Ministearje út de Fryske haadstêd ferdwynt. De FNP stelt dêrom no skriftlike fragen oan Kommissaris fan de Keninginne Jorritsma.

De partij makket him ek soargen oer de posysje fan it Frysk yn de rjochtbank.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)