Morgan mooglik net wer frij

18 okt 2010 - 20:14

Morgan, de orka dy't ôfrûne simmer yn de Waadsee fûn waard, kin mooglik net wer frijlitten wurde. Om't orka's gewoanwei yn in keppel libje, moat Morgan werom nei har mem. Se kin net werom nei see salang't it memmebist net fûn is. Der wurdt op it stuit wol nei de famylje fan Morgan socht.

It giet goed mei de orka. Neffens it Dolfinarium yn Hurderwyk hat Morgan op it stuit in normaal gewicht, al moat der noch wol wat ferbetterje oan har sûnens.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)