Epke wachtet yn spanning

18 okt 2010 - 20:10

Epke Zonderland is ûntefreden oer syn rekoefening op it WK turnjen yn Rotterdam. In pear lytse flaterkes soargen derfoar dat de oefening fan de fize-wrâldkampioen net optimaal wie.

De úteinlike skoare fan 15.325 soe krekt genôch wêze moatte om by de bêste acht turners te einigjen. Epke Zonderland stiet no twadde yn it totaalklassemint, mar tiisdei komme der noch direkte konkurrinten fan de Lemster yn aksje. "As ik it net helje dan is dat in enoarme domper", sei er.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)