Nije learfabryk by Ljouwert

18 okt 2010 - 20:04

Suvelkonsern FrieslandCampina wol in nije fabryk bouwe yn de Westergosône. It giet om in saneamd learbedriuw dêr't wat yn de Ljouwerter fabryk bart yn it lyts neiboud wurdt. Der wurde ek echte produkten makke.

De fabryk is nedich om't der hieltyd mear âldere minsken wurkje by it bedriuw en as dy fuortgean, moatte der nije minsken foar weromkomme. Mar dat slagget mar min. Studinten kinne sa fuortendaliks yn de kunde komme mei it bedriuw.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)