Keapers foar hûs Sietske H.

18 okt 2010 - 16:38

Der hawwe harren in pear serieuze gadingmakkers meld foar it hûs yn Nij Beets, dêr't Sietske H. jierrenlang mei har âlden wenne hat. It hûs oan de Van Eedenstrjitte is op dit stuit noch yn eigendom fan wenningbouferiening Elkien. Dy hat it hûs te keap stean foar 117.500 euro.

Elkien wol earst mei de gadingmakkers prate oer de skiednis fan it hûs, foar't se it besjen meie. Minsken dy't allinnich mar nijsgjirrich binne, komme der net yn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)