Skoalle fan Wierum slút

18 okt 2010 - 15:55

De skoalle fan Wierum giet ticht. Der sitte op de Skoalle mei de Bibel fjirtjin learlingen, wylst de wetlike ûndergrins 23 bern is.

Der wurdt noch wol sjoen nei de mooglikheden fan fúzje mei in oare skoalle. De sluting yn Wierum stiet pland foar takom jier. De Wierumer bern sille dan yn Ternaard of Peazens moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)