Boete foar skieppeboer

De boer fan wa't yn oktober 2009 24 skiep ferdronken binne yn it Noarderleech by Ferwert moat in lytse tûzen euro boete betelje. De rjochter fynt dat boer Hoekstra syn skiep net beskerme hat tsjin it hege wetter.
Ek hat hy de sûnens fan 'e bisten yn gefaar brocht troch se bûten te hâlden wylst hy witte koe dat it heech wetter wurde soe. Hoekstra is it net iens mei de feroardieling. Neffens him hie der neat oan de hân west as der gjin rammen tusken syn skiep sprongen wiene.