Wettertaksy Wagenborg lekslein

Wettertaksys op in rige
Ien fan de trije wettertaksys fan rederij Wagenborg is sneontejûn lekslein neidat it skip op in boei fearn is. Troch de oanfarring krige it skip in gat yn de aluminium romp en makke de wettertaksy wetter.
Neffens Wagenborg-direkteur Ger van Langen wie allinnich de skipper oan board en wiene de gasten krekt op It Amelân ôfset. De wettertaksy is noch twa dagen út de feart. Neffens Van Langen is de skea in pear hûndert euro.