Frou ferwûne nei fal fan fyts
In 18-jierrige frou út Sint Anne is snein yn Drachten ferwûne rekke neidat se mei de fyts omfoel. Se fytste njonken in 41-jierrige frou út Drachten. Troch ûnbekende oarsaak foel it de jongste fan de twa.
Se is mei pine yn it liif nei it sikehûs fan Drachten oerbrocht.
Trefwurden:
argyf