Auto's bekrast yn Huzum-West

18 okt 2010 - 09:40

Yn de Ljouwerter wyk Huzum-West binne yn de nacht fan sneon op snein 20 auto's bekrast. Dy stiene parkeard op de Hobbemastrjitte, de Gerard Doustrjitte, de Ruysdaelstrjitte, de Mesdagstrjitte en de Bosboomstrjitte.

Alle auto's stiene oan de linkerkant fan de strjitte parkeard, sjoen fan it sintrum ôf. De plysje docht ûndersyk nei de fernielerij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)