Lieuwe Westra tredde

17 okt 2010 - 17:56

Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje is by de Chrono des Nations yn it Frânske Herbiers op in tredde plak einige. Hy waard tredde efter Edvald Boasson Hagen út Noarwegen dy't twadde waard.

David Millar út Skotlân wie de iennige dy't de tiidrit oer 48,5 km binnen de oere wist ôf te lizzen. Millar wûn de tiidrit yn 58.53. Dat wie mar leafst 2.19 rapper as de nûmer twa Boasson Hagen en 3.06 raper as Westra.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)