Hearrenfean ferliest yn Grins

Sportklup Hearrenfean hat de noardelike twastriid yn de Euroborg mei 1-0 ferlern fan FC Grins. Yn de earste helte wiene beide ploegen lykweardich. De grutste kâns wie foar Roy Beerens. Hy stie allinnich foar doelman Luciano, mar koe de keeper fan Grins net passearje.
Yn de 47e minút wie it Granqvist dy't út in korner de winnende treffer makke foar de Grinzers. SC Hearrenfean hat no 10 punten út 9 wedstriden