Lintsje foar oargelist Kobus

© Omrop Fryslân
Oargelspiler Jan Kobus út Garyp hat sneontejûn in keninklike ûnderskieding krige. Kobus bespilet al fyftich jier it oargel fan 'e PKN-tsjerke yn Garyp. Loko-boargemaster Fokkema rikte de ûnderskieding út nei in konsert ta eare fan it jubileum.
Jan Kobus hat him jierrenlang as frijwilliger ynset foar konserten, tsjerketsjinsten, plaatopnames en muzikale eveneminten. Hy is dosint oan muzykskoalle De Wâldsang yn Bûtenpost.