'Radiografyske auto's te lûd'

17 okt 2010 - 15:48

Yn Berltsum binne sneon lûdsmjittings dien fan radiografysk bestjoerbere auto's. By de maneezje oan 'e Wiersterdyk wurde wolris races mei de miny-auto's hâlden. Dêr hat de gemeente Menameradiel gjin fergunning foar ôfjûn.

Buertbewenners kleie oer oerlêst en dêrom hat de Modelbouwclub Friesland mjittings dwaan litten. Letter beslút de gemeente oft de racerij tastien is. De modelbouklup seit dat it eigen fuortbestean dêrfan ôfhinget.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)