Man slein yn Snits
Yn Snits is sneontenacht in 25-jierrige ynwenner fan dat plak oanhâlden foar mishanneling. Hy soe yn de Kruizenbroederstrjitte in 20-jierrige plakgenoat slein hawwe. Dy stapte nei de plysje.
Aginten koene de 25-jierrige fertochte nei in koarte sykaksje oanhâlde. Hy moast de nacht trochbringe yn 'e plysjesel.
Trefwurden:
argyf