Plysjekontrôles yn Fryslân

Argyffoto Omrop Fryslân
Op ferskate plakken yn 'e provinsje hat de plysje sneontejûn kontrolearre. Yn 'e gemeenten Wymbritseradiel en Snits moasten 181 bestjoerders blaze. Twa wiene sa dronken dat se in proses-ferbaal krigen. Fierders joech de plysje bekeurings foar it net om hawwen fan 'e riemen en foar fytsen sûnder ljocht. In bromfytser sûnder kentekenplaat krige ek in boete.
Yn Boalsert krige in dronken 16-jierrige bromfytser in rydferbod fan njoggen oeren. Hy ried ek ûnfersekere.