Fûillearaksje yn Ljouwert

17 okt 2010 - 14:42

By in grutte fûillearaksje yn de Ljouwerter binnenstêd binne sneontenacht in soad wapens en drugs yn beslach naam. It giet om messen, skroevedraaiers, speed, kokaïne, XTC en GHB. Twa persoanen binne oanhâlden op fertinking fan heling. Sy rieden op in stellen fyts.

Mei-inoar waarden troch de plysje, de maresjesee en de spoarplysje 260 persoanen en 21 auto's kontrolearre.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)